'Feanhoop' ferkocht oan sakeman

© Omrop Fryslân
Rekreaasjekompleks De Feanhoop wurdt ferkocht oan in sakeman en net oan hierdersferiening HCV De Veenhoop. Op de kommisjegearkomste fan Smellingerlân wiene allinnich Gemeente Belang en FNP tsjin it útstel it kompleks te ferkeapjen.
De ferkeap is in slach foar HCV De Veenhoop dy't jierren dwaande west hat mei de oankeap fan de kamping en de haven.