Miljeupriis foar sinnepontsje

© Omrop Fryslân
It sinnepontsje fan Suwâld en foarsitter Zijlstra fan de Fryske Feriening fan Fjildbiology hawwe moandei de miljeupriis fan Tytsjerksteradiel krigen. Sawol Zijlstra as it bestjoer fan it pontsje krigen beide 1000 gûne en in oarkonde.
De gemeentlike miljeupriis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan in bedriuw of ynstelling en in partikulier.