GCO wurdt kommersjeler

© Omrop Fryslân
De Fryske ûnderwiisbegeliedingstsjinst GCO Fryslân moat kommersjeler wurde. Fan 2002 ôf wurdt it jild foar ûnderwiisbegelieding oars ferdield. De sinten geane dan net mear streekrjocht nei it GCO, mar nei de skoallen sels.
De skoallen meie it jild nei eigen ynsjoch besteegje, dus net mear perfoarst by it GCO. Om dêr op yn te spyljen komt it GCO mei nije produkten en tsjinsten.