Jachthaven dochs wer yn byld
De gemeente Achtkarspelen giet meikoarten dochs wer te set oer in jachthaven by Koatstertille. Ferline moanne woe de gemeente dêr in punt achter sette. Woansdeitejûn die bliken dat de fraksjes yn 'e rie no dochs fierder wolle.
Projektûntwikkelder Moore tinkt healwei takom jier los te kinnen mei de bou fan de jachthaven.