Militêre fakbûnen fiere aksje

© Omrop Fryslân
Fertsjintwurdigers fan de militêre fakbûnen hawwe woansdei poarte-aksjes fierd by de fleanbasis Ljouwert. Alle militêren krigen in pamflet dêr't op stie wat no krekt de problemen binne by de CAO-ûnderhannelings foar militêren.
Dy ûnderhannelings binne koartlyn fêstrûn. Wichtichste punt dêryn is dat de fakbûnen net wolle dat militêren pas op har 58ste ophâlde kinne.