Biologysk leaver net djoerder

© Omrop Fryslân
In mearderheid fan 'e Friezen fynt dat biologyske produkten net djoerder wêze meie as gewoane produkten. Dat docht bliken út in ûndersyk dat útfierd is troch it Van Hall-ynstitút yn supermerken yn 'e provinsje.
De hegere priis is meast ek de reden om foar reguliere produkten te kiezen. It ûndersyk lit sjen dat yn doarpen folle mear biologysk kocht wurdt as yn stêden.