Keunstko bringt 62.000 gûne

© Omrop Fryslân
De stichting Ronald McDonaldhûs hat moandei 62.000 gûne krigen fan de organisaasje fan it keunstko-projekt. It jild is ornearre foar in Ronald McDonaldhûs by it MCL.
Mei de oanbieding fan it jild en in ko kaam in offisjeel ein oan it projekt fan de keunstkij. Der is lykwols noch altiten fraach nei keunstkij. De ferkeap fan de kij hat 80.000 gûne opsmiten.