De Jong en Cramer op dreef

© Omrop Fryslân
Tonny de Jong en Wieteke Cramer ha goed presteard op de NK-ôfstannen reedriden. Op de 1000 en op de 3000 meter waard De Jong twadde (yn 1.20,87 en 4.19,72). Cramer waard op beide ôfstannen fjirde (yn 1.21,22 en 4.21,90).
Beide froulju meie no nei de Wrâldbekerwedstriden. Thomas die it wat minder. Sy waard sechsde en sande (yn 1.21,80 en 4.27,27).