Geersing freget ûntslach oan
Boargemaster Geersing fan Ferwerderadiel hâldt der mei op. Hy hat by de keningin syn ûntslach oanfrege. Geersing, dy't lid is fan it GPV, is sûnt augustus '88 boargemaster fan Ferwerderadiel. Earder wie er dosint oan in gymnasium en lid fan Provinsjale Steaten.
Opmerklik is dat Geersing (60) noch dit jier werbeneamd is. Wannear't er krekt ôfskied nimt, is noch net bekend.