Nij kennissintrum Boalsert iepen

© Omrop Fryslân
It nije kennissintrum yn Boalsert foar technykûnderwiis krijt 3,5 ton stipe fan de provinsje. Bedriuwen út it stedsje en omkriten leverje in bydrage fan 4 ton. De Stichting Fakûnderwiis is eigner fan it kennissintrum.
Minister Jorritsma iepene it sintrum woansdei ûnder grutte belangstelling. De direkteur ferwachtet dat it sintrum yn trije jier sûnder subsydzjes draaie kin.