Problemen by Friese Wouden

© Omrop Fryslân
It personiel fan De Friese Wouden hat in moasje fan wantrouwen yntsjinne tsjin in bestjoerslid fan de thússoarchorganisaasje. Earder al leinen twa bestjoersleden har funksje del. Se wienen it net iens oer it belied.
It personiel fynt dat ek de tredde man opstappe moat. Foaral op finansjeel mêd binne der neffens it fakbûn CFO problemen. Der komt in reorganisaasjeplan.