Winst foar Formido Flyers

© Omrop Fryslân
Iishockyers Formido Flyers hawwe sneontejûn op It Hearrenfean wûn fan de Totale Tigers út Nijmegen. De einstân wie 6-5 nei ferlinging. De reguliere wedstriid einige yn 5-5. De perioadestannen wienen 3-1, 1-3 en 1-1.
Ferlinging mei 'sudden death' wie nedich om yn Thialf in winner te krijen. Chad Murray besliste de wedstriid úteinlik yn it foardiel fan de Fryske ploech.