Skeel oer aaisykjen bylein

© Omrop Fryslân
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) en boere-organisaasje NLTO binne it iens wurden oer it aaisykjen. Se sille in mienskiplik advys útbringe oan 'e provinsje oer de nije regels.
Dêryn wurde ôfspraken fêstlein oer de neisoarch en de slutingsdatum fan it seizoen. Yn it ferline wie dêroer wolris strideraasje. Guon boeren woene aaisikers net op it lân hawwe.