Botsing mei everswyn op A32

© Omrop Fryslân
Op Rykswei A32 is snein in auto op in everswyn botst. It bist rûn de wei op by de Keningshôf by it Hearrenfean. In 44-jierrige automobilist út Wolvegea koe him net mear ûntwike.
De auto fan 'e Wolvegeaster rekke folslein rampoai. De baarch hat de oanriding net oerlibbe. It is ûndúdlik oft it bist losbrutsen is of dat it in echte wyldenien is.