Oanwizings yn brannen Mercurius

© Omrop Fryslân
De plysje hat nije oanwizings oer in tal brannen dy't it ôfrûne jier by de lokale Ljouwerter omrop Mercurius west ha. It yn 'e brân stekken fan in lease-auto fan de omrop yn septimber, sil troch de plysje neier ûndersocht wurde.
Ek de twa brannen yn it gebou fan Mercurius earder dit jier wurde yn it ûndersyk belutsen. De plysje tinkt oan in wraakaksje.