Wearde huzen eksplosyf omheech

© Omrop Fryslân
De wearde fan de wenten yn de gemeente Frjentsjerteradiel is fan 1993 oant 1999 mei mear as hûndert prosint tanommen. Dat docht bliken út de hertaksaasje dy't de gemeente útfiere litten hat foar it bepalen fan de ûnreplik guod belesting.
Neffens de gemeente wiene de skattingen yn 1993 oan 'e lege kant. Ek de ûntjouwings op 'e huzemerk hawwe laat ta de priisstigings.