Bedriuwen betelje Wâldwei

© Omrop Fryslân
It lêste stik fan 'e Wâldwei wurdt ferdûbele mei help fan jild fan bedriuwen. It Ryk is mei dizze wize fan finansiering akkoart gien. De bedriuwen betelje ek it ûnderhâld fan 'e wei. Se krije it ynvestearre jild letter werom.
It trasee Ljouwert-Nijegea moat yn 2005 klear wêze. De provinsje is bliid dat it no safier is. It is de earste kear dat Rykswettersteat sa'n projekt útfiert.