Gemeente slút biljertsintrum

© Omrop Fryslân
It biljertsintrum yn Burgum moat twa wike ticht. De eigner hâldt him neffens de gemeente net oan de slutingstiden. Fierders soenen de besikers fan it sintrum nachts foar oerlêst soargje.
De gemeente wol mei de maatregel sjen litte dat ûndernimmers har oan de regels hâlde moatte. It biljertsintrum seit nei de sluting op deselde foet fierder te gean.