Plannen wenwyk Ljouwert-Súd

© Omrop Fryslân
De earste plannen foar de nije wenwyk Ljouwert-Súd binne tiisdei yn in kommisje presintearre. Oer 20 jier moatte der 8000 wennningen komme yn it gebiet tusken it spoar nei It Hearrenfean, it Van Harinxmakanaal en de Drachtsterwei.
Yn it plan fan de gemeente Ljouwert is ek rûmte foar kantoaren, winkels en oare foarsjenningen. Goutumers koenen har fine yn de haadlinen fan de plannen.