Sûnder straf wapens ynleverje

© Omrop Fryslân
Mei de aksje 'Vuurwapens: doe ze weg of ze doen je wat' is woansdei it ynsammeljen fan yllegale fjoerwapens begûn. Op alle plysjeburo's kinne eigners har guod sûnder straf ynleverje.
By de lanlike aksje notearret de plysje wol de namme fan de eigner yn tsjinstelling ta ferline jier doe't stekwapens anonym ynlevere wurde koenen. De aksje rint oant en mei 12 novimber.