Ferbod op kokkelfiskerij easke

© Omrop Fryslân
Tsjinstanners fan 'e kokkelfiskerij hawwe tiisdei yn Grins in brief oanbean oan steatssekretaris Faber fan Fiskerij. Hja wie dêr om in ynternasjonaal symppoasium oer de Waadsee te iepenjen. De ûndertekeners wolle in ferbod op de 'skealike meganyske kokkelfiskerij'.
Ta de ûndertekeners hearre in grut tal biologen. De Waadferiening, Natuermonuminten en Greenpeace stypje de aksje.