Jild foar werynrjochting Snits

© Omrop Fryslân
De twadde faze fan de werynrjochting fan de binnenstêd fan Snits kin de kommende maitiid begjinne. De earste faze is hast klear op it plantsjen fan beammen nei.
Foar de twadde faze stelt it kolleezje fan B en W oan de ried út om 2,5 miljoen gûne beskikber te stellen. Earder hie de al ried al trije ton foar de wurksumheden reservearre. Undernimmers betelje gjin ekstra belesting foar it opknappen.