Filmkrante 'tsjin fileleed'

© Omrop Fryslân
In 'fleanende brigade' hat moandei yn Ljouwert de festivalkrante fan it Noardlik Filmfestival útdield. Op skeelers giene se op it Suderplein de auto's bydel. 'Fersachting fan it fileleed', sa neamt de organisaasje de publisiteitsstunt.
It Noardlik Filmfestival set tongersdei út ein. It evenemint yn Ljouwert lûkt alle jierren mear besikers.