Diken ôfsletten nei ûngelokken

© Omrop Fryslân
Twa Fryske diken ha woansdei in skoft ôfsletten west nei ûngelokken. Op de Wâldwei rekke in frachtauto mei tritich ton patat fan de dyk. Hy kaam ta stilstân tsjin de fangrail. Der wienen fjouwer bergingsweinen nedich om de swiere truck wer op de dyk te krijen.
Op de A32 naam in feewein de ôfslach nei Snits ferkeard. De sjauffeur en de 59 keallen kamen mei de skrik frij.