Bou stillein foar mûs

© Omrop Fryslân
De wrotmûs hat de bou fan in paviljoen by Terherne opkeard. De rjochter hat yn in koart pleit besletten dat de boufergunning foar it paviljoen skrast wurdt.
It pleit wie oanspand troch de Fryske feriening fan fjildbiologen. Dy hienen om it stopsetten fan de bou frege, om't de beskerme Noardse wrotmûzen dêrtroch útstjerre koenen. De rjochter hat har no gelyk jûn.