Tytsjerksteradiel nominearre

© Omrop Fryslân
De gemeente Tytsjerksteradiel is nominearre foar in enerzjy-award. De gemeente is nominearre yn de kategory Eigen Gebouwen mei it projekt Duurzame Sporthal troch NOVEM, in Nederlânske ûndernimmer foar enerzjy en miljeu.
Yn de kategory Eigen Gebouwen binne 3 projekten nominearre. De oare beide binne de gemeenten Lopik en Gorinchem. De útrikking is 7 novimber yn Utert.