Nije eksposysje Wilco Berga

© Omrop Fryslân
Rients Gratama hat sneon yn Galery Goutum de nije eksposysje fan Wilco Berga iepene. Berga is byldzjend keunstner en dichter. Syn nijste bondel Eilânliet is twatalich. Der stean gedichten yn oer minsken yn it noardlike lânskip en skilderijen fan datselde lânskip.
Sûnt 1990 publisearre Berga 4 twatalige dichtbondels, toanielstikken en 3 Fryske romans. Berga makket ek lietteksten.