Achlum wol doarpshûs
Achlum wol in nij doarpshûs hawwe. De kosten wurde rûsd op in miljoen gûne, mar it is noch net dúdlik wêr't dat jild weikomme moat. De plannen binne noch net hielendal klear. Der is al in boukommisje.
Sûnt it kafee yn it doarp ticht is, hawwe de ynwenners gjin gelegenheid mear om by elkoar te sitten.