Kostúms Frysk Leger yn Den Haach

© Omrop Fryslân
De kostúmûntwerpen fan Auke de Vries dy't it Fryske Leger mei Simmer 2000 oan hie, binne fan sneon ôf yn Den Haach te sjen. De útstalling yn it gemeentehûs wurdt iepene troch definsjeminister De Grave en kommissaris Nijpels.
It Fryske Leger wie in keunstprojekt yn it ramt fan Simmer 2000 en it Frysk Festival. Teatermakster Hilde Mulder en keunstner Auke de Vries betochten it.