Harns ûndersiket berikberheid
De gemeente Harns wol de berikberheid fan de gemeente en de tsjinstferliening oan de baaljes ûndersykje.
Mei in enkêteformulier wurde besikers fan de ôfdieling boargersaken en 750 ynwenners fan de gemeente de kommende twa wiken nei har ûnderfiningen en mieningen frege. De útslach fan de enkête wurdt 1 maart ferwachte.