Aksjekomitee tsjin gemeentehûs

© Omrop Fryslân
In tal tsjinstanners fan it nije gemeentehûs fan Dongeradiel yn de binnenstêd fan Dokkum wol tongersdeitejûn in aksjekomitee oprjochtsje.
De inisjatyfnimmers roppe elkenien fia in advertinsje yn de pleatslike krante op om nei de ynformaasjejûn yn de IJsherberch yn Dokkum te kommen. De tsjinstanners fine dat in eardere ynformaasjejûn yn Eanjum net goed ferrûn is.