Skoalbern fytse by spoar del

© Omrop Fryslân
De spoarweiplysje bekeurt skoalbern dy't by it spoar delfytse. De learlingen ferkoartsje har rûte fan en nei skoalle mei kilometers troch njonken de spoarline te fytsen.
Dat is lykwols ferbean om't it foar it treinferkear en de learlingen sels gefaarlik is. Op it trajekt tusken Ljouwert en Snits fytse ûnder oare bern út Boazum en Skearnegoutum by it spoar del.