Gemeente bedjert it by Twizelers

© Omrop Fryslân
Twizel is lilk om't de gemeente Achtkarspelen it earder taseine fytspaad by de Wedze lâns net oanlizze wol. De Wedze stiet bekend as in gefaarlike dyk foar kuierders en fytsers.
Achtkarspelen hie foar it plan ien miljoen útlutsen, mar neffens wethâlder Van der Ploeg hat de gemeente oare prioriteiten. De gemeente wol no de maksimumsnelheid op de dyk ferleegje.