Alderen teste har rydfeardigens

© Omrop Fryslân
Fiifenfyftichplussers op It Hearrenfean koenen woansdei teste hoe't it mei har feardichheid fan it autoriden stiet. De 'rydfeardichheidsdei' is in inisjatyf fan de wolwêzensynstelling Caleidoscoop.
De dielnimmers moasten in teory-eksamen en in praktyktest dwaan. Boppedat waarden eagen en reaksjefermogen metten. Nei ôfrin krigen se advys oer it riden. Dat hie gjin gefolgen foar it rydbewiis.