Man falt famkes lestich

© Omrop Fryslân
Trije famkes fan 9 jier út Ljouwert binne moandei lestich fallen troch in ûnbekende man. De famkes fytsten oer de Rixtwei, doe't ien fan har troch de man in steechje ynlokke waard. Dêr liet er it famke syn geslachtsdiel sjen. Se is doe flechten.
Letter hat de man besocht ek de oare twa famkes it steechje yn te krijen, mar dy binne dêr net op yngien.