Klacht tsjin Hotelskoalle
Hoareka-ûndernimmers út Ljouwert beskuldigje de Hegere Hotelskoalle fan ûnearlike konkurrinsje. Se hawwe har klacht dellein by it Bureau Eerlijke Mededinging út Woerden.
Neffens de hoareka-ûndernimmers ferhiert de hotelskoalle gearkomsterûmten oan partikulieren en hat de skoalle ûnderdak jûn oan de dielnimmers fan de wielerprofronde fan Nederlân.