Reboelje om kartoon fan Repke

© Omrop Fryslân
FNP-gemeenteriedslid Repke Hollema set sa út en troch in kartoon op syn website om de wethâlders fan Smellingerlân te kiteljen. Mar it kommintaar 'Lit wethâlder Van Pelt himsels yn 't museum ophingje' falt net by elts yn goede ierde.
Wylst Van Pelt der net om gnize kin, is Hollema fan betinken dat der 'sa no en dan wat te laitsjen wêze moat yn de gemeentepolityk'.