Magneettrein kostet Fryslân jild

© Omrop Fryslân
De trije noardlike provinsjes moatte nei alle gedachten dochs jild op it kleed lizze foar de oanlis fan de magneetsweeftrein. Dat makke de Grinzer kommissaris Alders tiisdei bekend.
Foar de bou fan stasjons is twa miljard gûne nedich. Dat jild moat opbrocht wurde troch de ferkeap fan grûn en huzen by de rûte lâns. Mar dy opbringst falt ôf. It Ryk soe dêrom byspringe moatte.