Griken skrikbyld SC Hearrenfean?

© Omrop Fryslân
Hearrenfean moat Griken goed yn ´e gaten hâlde. Dat die moandei bliken yn ´e wedstriid tsjin Ajax. Niko_Machlas skoarde twa kear foar Ajax. Dochs die Hearrenfean it net min. Troch goals fan Jensen en Hansma waard it 2-2.
Op 17 oktober spylje de Friezen yn ´e Champions League de revâns tsjin Olympiakos Piraeus. De earste wedstriid ferlearen se mei 2-0.