Fryske haadklassers net op dreef

© Omrop Fryslân
De trije Fryske fuotbalteams dy't spylje yn haadklasse C fan de sneonskompetysje, koene mei har trijen net mear as ien puntsje binnenhelje. Koprinner Drachtster Boys spile yn Swol 0-0 gelyk tsjin nûmer twa Be Quick 28 en behâldt dêrmei it boppeste plak.
Harkemase Boys ferlear thús mei 1-3 fan Urk en stiet stiif ûnderoan. ONS ferlear yn Rijssen mei 2-1 fan Excelsior 31.