Museumbestjoer ferslein

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan it Jopie Huismanmuseum yn Warkum reagearret ferslein op it ferstjerren fan de Warkumer. Huisman wie altiten tige belutsen by syn museum, dat op dit stuit ferboud wurdt.
It wie de bedoeling dat Huisman yn febrewaris 2001 it ferboude museum iepenje soe. It Jopie Huismanmuseum, dat rund wurdt troch frijwilligers, is ien fan 'e bêst besochte musea fan Fryslân.