Jumelage Sumar - Seelterlân

© Omrop Fryslân
In groep skoalbern út Ramsloh (Dútslân) is dizze wike yn Sumar foar in útwikseling mei de basisskoalle. Ramsloh is ien fan de trije doarpen dêr't Seelterfrysk praat wurdt, ien fan 'e lytste taalminderheden fan Europa.
De skoallen fan Ramsloh en Sumar binne yn kontakt brocht troch de Fryske Rie. Dy besiket ek om de gemeente Seelterlân yn kontakt te bringen mei Boarnsterhim.