Diftar giet ûnder oan sukses

© Omrop Fryslân
Minder smoargens oan 'e dyk sette en dan ek noch djoerder út wêze. Dêr sitte ynwenners fan 'e gemeente Eaststellingwerf mei tangele. Sûnt de ynfiering fan it Diftarsysteem moat foar elke kontener in tientsje betelle wurde.
Gefolch is dat der amper konteners oanbean wurde. Dêrtroch rint de gemeente 700.000 gûne oan ynkomsten mis. Takom jier giet de reinigingsheffing omheech.