Bestjoer museum stapt op

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan Museum Smellingerlân yn Drachten is ôftreden. It bestjoer hat in konflikt mei de gemeente oer de privatisearring fan it museum.
Al fjouwer jier moat it museum selsstannich wurde. It jild dêrfoar stelt de gemeente net beskikber, wylst de middels der neffens it bestjoer wol binne. Per jier is 3,5 ton nedich om de begrutting fan it museum slutend te krijen.