'Neat mis mei Bayer-vaccin'

© Omrop Fryslân
Der is neat mis mei it IBR-vaccin fan Bayer dêr't neffens de feehâlders in soad kij siik fan waarden. Dat skriuwt minister Brinkhorst fan lânbou oan de Twadde Keamer op basis fan nij ûndersyk.
Aksjekomité 'Siik fan Bayer' en de NLTO binne net ûnder de yndruk fan it ûndersyk, dat útfierd is troch trije ûnôfhinklike saakkundigen. 'Siik fan Bayer' giet gewoan troch mei aksjefieren.