Zurich of Surch?
Moat Zurich ferfryske wurde nei Surch of net? De ried fan Wûnseradiel prate moandeitejûn oer it ynfieren fan Fryske plaknammen yn de gemeeente. It doarp Zurich wol de Nederlânske namme hâlde, om't dêr in soad toeristen op ôf komme.
De boargemaster wol mooglik it doarp temjitte komme mei twatalige buorden. Doarpsbelang sammelt hântekens yn foar in referendum.