Gjin bordelen yn Ferwerderadiel

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear Fryske gemeentes besykje fêst te hâlden oan de 'nul-opsje' as it om it prostitúsjebelied giet. Nei Wymbritseradiel wolle ek Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel bordelen opkeare.
Boargemaster Geersing fan Ferwerderadiel brocht syn ried ûnder eagen dat nei 1 oktober alle gemeentes romte jaan moat oan ien bordeel. It CDA wol dat byneed mei in rjochtsaak tsjinhâlde.