Gouden Keal foar Steven de Jong?

© Omrop Fryslân
Op de Nederlânske Filmdagen binne twa nominaasjes takend foar de Fryske film De Fûke. Regisseur Steven de Jong giet mei yn 'e kategory 'bêste regisseur'. Haadrolspiler Rense Westra makket kâns op de titel 'bêste akteur'.
Wa't in Gouden Keal wint, wurdt takom wykein bekendmakke. De Nederlânske Filmdagen wurde hâlden yn Utrecht.