'Gjin betelle seks yn Wymbrits'

© Omrop Fryslân
De gemeente Wymbritseradiel sil ek nei 1 oktober gjin bordelen tastean. B en W hâlde fêst oan de nul-opsje. No't it bordeelferbod ferfalt kin dat net, mar B en W stappe byneed nei de rjochter.
Neffens wethâlder Van der Werff is der yn syn gemeente 'gjin ferlet' fan in bordeel. De FNP warskôget foar betelle seks op boaten en yn karavans. "Seksbazen wurde hieltyd kreativer."