Brân yn trein Noordned

© Omrop Fryslân
Brân yn in treinstel fan Noordned hie tiisdeitemiddei grutte fertraging ta gefolch. Troch in noch ûnbekende oarsaak ûntstie de brân yn de trein op it spoar tusken Súdhorn en Bûtenpost.
De brânwacht bluste it fjoer. Net ien rekke ferwûne. De reizgers moasten nei Bûtenpost rinne. Oare reizgers koenen nei in oere mei bussen fierder. De technyske resjerzje docht ûndersyk.